Oskar von Riesenthal

Julius Adolf Oskar von Riesenthal (18 septimber 183022 jannewaris 1898) wie in Dútske houtfester, ornitolooch, jager en skriuwer.

Hy waard berne yn Breslau, Sileezje (doetiids yn Prusen: no Wrocław, Poalen), yn in famylje fan Eastenryksk komôf. Syn heit stoar doe't er in jier âld wie; hy ferhuze mei syn mem nei Oels (no Oleśnica), dêr't er syn jeugd trochbrocht oant de ynskriuwing foar it gymnasium. [1]. Hy studearre oan de Boskbou Akademy yn Neustadt-Eberswalde en waard Revierförster (distriktshoutfester) yn it Tuchola Wâld, dêr't er ek úteinsette mei syn stúdzje ornitology. Yn 1871 waard er Oberförster (haadhoutfester) yn it distrikt Altenkirchen en dêr skreau er ek syn earste boek, Die Raubvögel Deutschlands und des angrenzenden Mitteleuropas ('Rôffûgels fan Dútslân en oanswettend Sintraal Europa'). Letter waard er Keninklik Houtfester foar it Departemint fan Lânbou, Boskbou en Domeinen yn Charlottenburch, dêr't er ek wenne oant syn dea yn 1898.

  1. Allgemeine Forst und Jagdzeitung, Diel 159, Issue 8, 1898 (Google Books)

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy